Tûzen hantekeningen tsjin ferdwinen misthoarn Harns

02 des 2014 - 21:16

Yn Harns binne tiisdei goed tûzen hantekeningen oanbean oan boargemaster Sluiter. De hantekeningen binne ophelle nei oanlieding fan it fuortheljen fan de misthoarn yn de haven. De hoarn is stikken en wurdt net mear makke. Dat is lanlik belied fan Rykswettersteat. Neffens Rykswettersteat binne se achterhelle. De hjoeddeistige skippen hawwe allegearre apparatuer oan board dy't it wurk fan in misthoarn oerstallich makket.

De Harnzers binne it hjir net mei iens en wolle it karakteristike lûd net ferlern gean litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)