Fryske Keninkryk wie folle lytser as tocht

02 des 2014 - 21:09

It Fryske keninkryk wie folle lytser as oant no ta tocht. Ta dy konklúzje komt archeolooch Johan Nicolay fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hat de ôfrûne jierren ûndersyk dien nei benammen de goudfynsten yn de betide midsieuwen en neffens him docht dêr út bliken dat it keninkryk net grutter west hat as it hjoeddeiske Fryslân, Grinslân en de kop fan Noard-Hollân.

Earder histoarysk ûndersyk gie noch út fan in keninkryk dat fan Seelân trochrûn oant Denemarken ta. Neffens Nicolay is dêr gjin inkel bewiis foar te finen.

Ek soene de ferneamde Fryske keningen Redbad en Aldgillis hielendal gjin Friezen west ha, mar lieders fan in eigen lyts keninkryk yn Midden-Nederlân. Tiisdei is it boek fan Nicolay oer de Fryske keninkriken presentearre yn it Fries Museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)