Rykswettersteat moat yngripe by oertrêdings op de Waadsee

02 des 2014 - 17:15
  • Plezierfeart op 'e Waadsee

Rykswettersteat krijt mear middels om yn te gripen by oertrêdings fan de regels op de Waadsee. Dat hat minister Schultz Van Haegen besletten. De rekreaasjefeart hat geregeld lêst fan skippers dy't hurder as 20 kilometer yn de oere troch de rekreaasjegeul farre. Dit soarget by de boatsjefarders foar in ûnfeilich gefoel.

De minister wol dat Rykswettersteat mear oandacht besteget oan it hânhavenjen fan de regels. Dêrom sille der ekstra kontrôles plakfine. In part fan de kontrôles wurdt dien mei in boat dy't net opfallend is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)