Reade tried: Ik ha de redens al út it fet!

Redens © ANP
We moasten der lang op wachtsje, mar it is safier: it begjint in bytsje op winter te lykjen. It kwik sakket en nachts friest it licht. Waarman Piet Paulusma kaam dizze wike mei syn definitive winterfoarspelling. Hy seit dat we fan 't winter noch wol ride kinne op natueriis, al wurdt it net in kâlde winter. Hâlde jo fan de kjeld en kinne je net wachtsje oant it momint dat je de redens wer ûnderbine kinne? Of sizze jo: earst mar ris efkes sjen hoe't it komt.
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.