Kabinet bliuwt jeien op swartsparders

02 des 2014 - 16:36

It kabinet sil jacht meitsjen bliuwe op minsken dy't har sparjild bûten berik fan de belestingtsjinst besykje te hâlden. Dat sei minister Jeroen Dijsselbloem fan Finânsjes tsjin RTL Z. Hy seit dit yn reaksje op de oanjefte dy't it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert dien hat tsjin it ministearje.

Oanlieding is it swijen fan twa belestingamtners yn in rjochtsaak oer swart jild. Se wolle de namme fan in tipjouwer net jaan en soene dêrby ûnder druk setten wurde troch de top fan it ministearje. Hjir stiet in straf fan maksimaal fjouwer jier op.

Dijsselbloem neamt de saak "frij unyk", mar wol der fierder yn it belang fan it ûndersyk net folle oer kwyt. Foar him stiet foarop dat it ministearje trochgiet mei it opsykjen fan swartsparders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)