Bou fan nij winkelsintrum Gytsjerk yn 2015 fan start

02 des 2014 - 15:48

Doarpsbelang Gytsjerk en de gemeente Tytsjerksteradiel wolle yn 2015 los mei de bou fan it nije winkelsintrum yn Gytsjerk. Dat is in realistysk doel, sa lit projektûntwikkeler Tom Genee witte. Boppe it noch te bouwen winkelsintrum sille fjouwer apparteminten komme.

Al mear as tsien jier wurdt der yn it doarp praat oer in nij winkelsintrum. Doarpsbelang Gytsjerk is bliid dat der lang om let wat dien wurdt oan it fertutearze sintrum yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)