Genee: "Der is wol deeglik in kontrakt mei it COA"

Der is wol deeglik in oerienkomst tusken it COA en Tom Genee. Dat seit de eigener fan Mooi Gaasterlân sels. Genee regearret dêrmei op de útspraak fan Nellie de Vos, de eigener fan fakânsjepark Vossenhoek, dat njonken Mooi Gaasterlân leit.
De advokaat fan famylje De Vos hat in brief fan it COA krigen, dêr't yn stiet dat der noch neat tekene is. Neffens Genee kloppet dy ynformaasje net, om't it kontrakt op 11 novimber wol deeglik ûndertekene is.