Swimbad Mounewetter foar de 3e kear Swimbad fan it Jier

02 des 2014 - 14:30
  • Roel Bijlsma en Joke van der Vliet namen de priis yn ûntfangst

Iepenloftswimbad Mounewetter út Wytmarsum is moandei foar de tredde kear op rige útroppen ta Swimbad fan it Jier yn de provinsje Fryslân. Bestjoersfoarsitter Roel Bijlsma en bedriuwsliedster Joke van der Vliet namen de priis yn Baarn yn ûntfangst.

Mounewetter gong boppedat ek noch nei hûs mei ien fan de trije kreativiteitsprizen. Lanlik gong it earste plak nei swimbad De Meermin út Steenbergen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)