Provinsje hat gjin goed byld fan tal ljippen yn Fryslân

02 des 2014 - 14:11

De provinsje Fryslân hat gjin goed byld fan it tal ljippen dat yn Fryslân libbet. Dat die tiisdei bliken op de sitting fan de Ried fan Steat. De Faunabeskerming hat in saak oanspand tsjin de provinsje om't se wolle dat der in ferbod komt op it aaisykjen. Neffens de natoerorganisaasje nimt it tal ljippen yn ús provinsje rap ôf.

De provinsje bestriidt dit en seit dat it tal ljippen al jierren stabyl bliuwt. Konkrete sifers hat de provinsje hjir lykwols net foar. De Ried fan Steat nimt binnen tolve wiken in beslút oer it aaisykjen.

Mooglik dat de steatsried ekstra ûndersyk easket, mar dat betsjut nei alle gedachten dat der gjin útspraak komt foar it begjin fan it nije aaisikersseizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)