Kursisten Coach Betelle Fuotbal op besite by Cambuur

De training fan Sportklup Cambuur stie tiisdeimoarn ûnder lieding fan Sipke Hulshoff fan Ljouwert. Yn it ramt fan de kursus Coach Betelle Fuotbal fan it fuotbalbûn KNVB waard de training fan Hulshoff besjoen troch de oare kursisten. Under oare assistint-bûnscoach Ruud van Nistelrooy, Mark van Bommel, Wim Jonk en dosint Co Adriaanse wiene yn it Cambuur Stadion.
De hiele dei binne de kursisten op besite by Cambuur. Trainer Henk de Jong hie in rêstige moarn, om't Hulshoff syn taken foar in dei oernaam.