Meldpunt mûzepleach foar boeren Súdwesthoeke

02 des 2014 - 12:41

Miljoenen hat it al koste, de mûzen dy't it gers ferniele fan boeren yn de Súdwesthoeke fan de provinsje. In nij meldpunt foar de mûzepleach is de safolste stap yn de striid tsjin de mûzen. Tiisdei is it mûzemeldpunt offisjeel iepene. Boeren kinne hjir oanjaan hoefolle gers de mûzen fernield hawwe en hoefolle jild dat harren koste hat.

Mei dizze ynventarisaasje hopet LTO Noard dúdlik te krijen oft de pleach in kalamiteit is en sa ja, oft de boeren in skeafergoeding krije kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)