"Genee hat noch gjin oerienkomst mei it COA"

02 des 2014 - 12:40

Tom Genee, de man dy't fan Mooi Gaasterlân yn Riis in AZC meitsje wol, hat hielendal noch gjin oerienkomst tekene mei it COA. Dat seit Nellie de Vos, eigener fan fakânsjepark Vossenhoek, dat njonken Mooi Gaasterlân leit. Neffens famylje De Vos hat harren advokaat in brief fan it COA krigen, dêr't yn stiet dat der noch neat tekene is.

De famylje De Vos hat in ferkeapoerienkomst tekene mei Genee mei as eask dat er it terrein in rekreative ynfolling jaan soe. Genee gong dêrnei yn petear mei it COA oer in hiele oare bestimming: in AZC.

As Genee net mei de famylje De Vos om tafel giet, stapt de famylje nei de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)