Keninginne Máxima ûnder de yndruk fan Ljouwerter S-Team

02 des 2014 - 12:30

Keninginne Máxima hat tiisdeitemiddei in ferrassingsbesite brocht oan it Nordwin College yn Ljouwert. Op de skoalle gong de keninginne yn petear mei jongeren en frijwilligers fan it skoalle-talinteteam. Dit S-Team is in lanlik projekt fan it Oranje Fonds, wêrby't probleemlearlingen dy't it dreech ha om in skoaldiploma te heljen, begelieding krije fan mbo- en hbo-studinten.

Keninginne Máxima wie ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan it S-Team. Yn Ljouwert binne op it ROC Friese Poort en op it Nordwin College S-Teams aktyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)