Heipeallen moatte tsjerketoer Hegebeintum rêde

Heipeallen moatte foarkomme dat de tsjerketoer fan Hegebeintum fierder fuortsakket. De yngreep moat de toer en de monumintale tsjerke fan it terpdoarp rêde. De heipeallen wurde oan de bûtenkant fan de tsjerketoer pleatst en oan de toer ferbûn. It setten fan de peallen wurdt noch in spannende operaasje, neffens de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
It wurk begjint sadree't de fergunnings der binne, seit direkteur Gerhard Bakker fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De kosten fan de operaasje wurde rûsd op sa'n 2,5 ton.
De stichting Alde Fryske Tsjerken krijt hjirfoar in skinking fan 1 ton fan in Friezinne om utens. De provinsje jout ek oardel ton foar de tsjerke yn Hegebeintum en it oargel fan Jorwert. De lêste 50.000 euro moat binnenhelle wurde mei help fan crowdfunding.
De tsjerke bliuwt tagonklik foar tsjinsten, begraffenissen en trouwerijen. Besikers moatte mooglik wol tydlik oer in slinke fan 1,5 meter stappe.