Daley Sinkgraven ûnwis foar wedstriid tsjin FC Grins

Daley Sinkgraven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Middenfjilder Daley Sinkgraven fan SC Hearrenfean hat in ankelblessuere oerholden oan de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin Heracles Almelo. Hearrenfean ferlear dy wedstriid op eigen fjild mei 1-0. Troch de blessuere is it noch mar de fraach oft de middenfjilder kommend wykein ynsetber is.
Sneintemiddei spilet Hearrenfean út tsjin FC Grins. Sinkgraven slacht de training tiisdei oer. De kommende dagen moat útwize hoe slim de blessuere fan Sinkgraven is.