Kluitman fiert 150-jierrich bestean mei nije Kameleon-searje

02 des 2014 - 10:35
  • De nije searje fan De Kameleon

Utjouwerij Kluitman út Alkmaar fiert syn 150-jierrich bestean mei in nije boekesearje oer De Kameleon. Skriuwers Bies van Ede en Maarten Veldhuis hawwe ûnder it pseudonym B.M. de Roos in nije searje aventoeren betocht foar Hielke en Sietse. It earste part, 'De Kameleon is terug!', is tiisdei útbrocht.

Ut ûndersyk fan De Telegraaf die koartlyn bliken dat De Kameleon-boeken noch hieltyd populêr binne by bern. It earste boek oer Hielke en Sietse ferskynde yn 1949. De súksesfolle berneboekesearje telt goed 13 miljoen ferkochte boeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)