Pi-groep kin úteinsette mei de bou fan it Trainingshûs

02 des 2014 - 10:07

De bou fan it Traininigshûs yn Drachten kin los. Inisjatyfnimmer Pi-groep hat mei de subsydzje fan de provinsje it grutste part fan it boubudzjet rûn. It Trainingshûs wurdt in ûnderkommen foar jongerein en jong-folwoeksenen mei psychyske problemen. Sy wurde behannele en begelaat oant se selsstannich wenje kinne en in betelle baan hawwe. Bysûnder is dat ek de ynwenners fan de wyk dêr't it hûs stiet, by de bou belutsen wurde.

De bou fan it Trainingshûs giet mooglik noch dit jier los. De njonkenlizzende pleats Vrijburgh is yntusken ek oankocht.

De pleats Vrijburgh wurdt takom jier ferboud en sil brûkt wurde foar ûnder oare deibesteging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)