Plysje siket om 'e nocht nei ynbrekkers yn Jistrum

Plysjehûn © ANP
De plysje hat tiisdeitemoarn betiid om 'e nocht socht nei manlju dy't ynbrutsen hienen oan de Koaiwei yn Jistrum. Krekt foar fiif oere moarns krige de plysje in melding fan in buertbewenner dat der twa manlju by de wenning omspoeken en dat der in auto fertocht hinne en wer ried. Doe't de plysje by it hûs kaam, hienen de bewenners sels krekt ûntdutsen dat der ynbrutsen wie.
Mei in plysjehûn en waarmtebyldkamera gong de plysje op syk nei de ynbrekkers, mar sûnder resultaat. Wat de ynbrekkers meinaam ha, is noch net bekend.