Jorrit Bergsma wol noch net yn efterfolgingsploech

02 des 2014 - 08:53

Jorrit Bergsma sil dit seizoen noch net útkomme op it ûnderdiel ploege-efterfolging. De reedrider fan Aldeboarn hat der nei it gedoch op de Olympyske Spelen fan Sotsji noch gjin nocht oan. Mei de nije bûnscoach Geert Kuiper hat Bergsma wol in goed petear hân, mar it is no noch te betiid om wer diel út te meitsjen fan de Nederlânske ploech. Jorrit Bergsma, nominearre foar de titel Sportman fan it Jier, wol net sprekke fan in boykot. Foar de takomst slút hy neat út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)