DFM wol ekstra riedsgearkomste oer Riis

© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Seis partijen út De Fryske Marren freegje tiisdei om in ekstra riedsgearkomste oer it AZC yn Riis. It giet om de PvdA, VVD, GrienLinks, ChristenUnie, NCPN en NPP. Mooglik dat de gearkomste noch foar de krystdagen plakfynt.
De plannen fan it COA om 500 asylsikers op te fangen yn Riis, soarge de ôfrûne wiken foar in soad opskuor. Riis telt 175 ynwenners. De gemeente hat op it lêste momint yngrepen troch te easkjen dat it oantal fan 500 fan tafel giet. Yn reaksje dêrop hat it COA de plannen foarearst útsteld en beriedt it him noch op it AZC.