Personiel fallite Talma Hoeve wol dúdlikheid

Yn Feanwâlden is in wurkgroep foar de takomst fan de âldereinsoarch oprjochte. Sy wol har ynsette foar it behâld fan foarsjennings foar senioaren yn it doarp. Yn it spoar fan it fallisemint fan sikehûs De Sionsberg binne namentlik tal fan soarchsintra op de flesse gien. Rom 1200 meiwurkers yn de âldereinsoarch fan de yntusken fallite Pasana Zorggroep wurkje troch sûnder lean te krijen.
Op it stuit ûndersykje soarchfersekerder De Friesland en de kuratoaren in trochstart foar de troffen soarchsintra yn Noardeast-Fryslân.
Yntusken rinne de spannings yn bygelyks de Talma Hoeve heech op. Personiel wol graach witte wer't it oan ta is. De wurkgroep hat in brief skreaun nei soarchfersekerder De Friesland mei it fersyk om gau yn oerlis te gean.