'Wynmûnen Ofslútdyk min foar rûge dwerchflearmûs'

Wynmûnen yn in line lâns de Ofslútdyk gean ten koste fan de rûge dwerchflearmûs. De bistjes brûke de Ofslútdyk foar de navigaasje nei it suden. Ek kinne se dêr iten fine. As der wynmûnen komme, sille in soad fan de bistjes slachtoffer wurde. Dat hat al bliken dien út eardere ûndersiken, seit de Zoogdierenvereniging.
Neffens ûndersiker Herman Limpens kinne de mûnen der wol komme, mar moat der rekken hâlden wurde mei de migraasje fan de flearmûzen. Op mominten dat dy del komme, moatte de mûnen út. Dat kostet 1,5 prosint opbringst.