'Line-opstelling wynmûnen is achterhelle'

De feiten spylje gjin rol mear yn it debat oer de pleatsing fan wynmûnen yn de Iselmar. Mei dy krityk komt ien fan de initsjatyfnimmers fan it Wynpark Fryslân, Anne de Groot. Wynpark Fryslân ûndersocht yn 2008 plannen foar wynmûnen yn in line-opstelling lâns de Ofslútdyk. Yn 2012 die bliken dat in klusteropstelling better wie.
Dochs wurdt no de line-opstelling omearme troch tal fan partijen út Provinsjale Steaten. Neffens De Groot is dy opstelling dy't de steaten foar eagen ha, lang net genôch foar de 530 megawatt dy't opwekt wurde moatte.
Parken op lân bliuwe dan needsaaklik. Woansdei prate de Steaten oer de plannen fan de provinsje foar it wynmûnepark yn de Iselmar