Saak-Miranda Olivier yn jannewaris foar de rjochter

Frouwe Justitia © Omrop Fryslân
De saak tsjin de 45-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan de moard op de 38-jierrige Miranda Olivier wurdt op 7 jannewaris behannele. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank moandei besletten op in pro-forma-sitting. De Ljouwerter wurdt fertocht fan moard of deaslach op Olivier, yn juny dit jier. De frou waard dea fûn yn har hûs oan de Frederik Ruysstrjitte yn Ljouwert. De fertochte, dy't ek yn de wente wie, is oppakt.