Ministearje telt 60 deade seehûnen yn Waadsee

Seehûn © ANP
Yn de Nederlânske Waadsee binne oant no ta sa'n sechstich deade seehûnen fûn. De measte seehûnen binne ferstoarn oan in grypfirus. Dat docht bliken út in brief dy't steatssekretaris Sharon Dijksma oan de Twadde Keamer stjoerd hat. It firus is fia Denemarken en Dútslân ek yn Nederlân kaam. Neffens it ministearje is de kâns lyts dat it firus minsken besmette kin. Dochs riedt de oerheid minsken oan om deade en ferwûne seehûnen net oan te reitsjen, mar de gemeente te warskôgjen.
Der binne sa'n 39.000 seehûnen yn de Waadsee, wêrfan sa'n 10.000 yn it Nederlânske part.