Ljouwerter sûnder rydbewiis rekket auto kwyt
De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn op de Oenemastate in 26-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man ried sûnder rydbewiis en wie boppedat ûnder ynfloed fan GHB. Hy hie ek noch ferskate pillen by him. Om't de man faker sûnder rydbewiis riden hat, is syn auto yn beslach naam. Der is him ek in bloedproef ôfnaam.