'Groepsdruk' ûnderwerp fan HALT by foarljochting op skoalle

Buro HALT is moandei úteinset mei it jaan fan fjoerwurk-foarljochting op 150 skoallen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. De meiwurkers fan HALT gean dit jier yn gesprek mei bern tusken de 10 en 14 jier oer it fenomeen 'groepsdruk'. In soad fernielings en oertredings mei fjoerwurk ûntstean neffens HALT ûnder druk fan de groep.
Corrie van Dellen fan HALT wol de bern dêrom leare om 'nee' te sizzen, as leeftydsgenoatsjes yn groepsferbân minder ferstannige saken dogge. De earste ûnderfinings binne neffens har posityf.
HALT freget de bern dit jier ek om goed om har hinne te sjen by it ôfstekken fan fjoerwurk, omdat 30 % fan de fjoerwurkslachtoffers ferwûne rekket troch fjoerwurk dat troch in oar ôfstutsen is.
De HALT-kampanje op skoallen rint oant de krystfakânsje ta. Bern dy't dochs yn de fout gean en oanhâlden wurde troch de plysje krije in saneamde HALT-straf. Dy straf is yn de praktyk in kombinaasje fan petearen mei bern en âlden, in ferplichte kursus en in taakstraf. HALT fiert - oer it hiele lân rekkene - 17.000 HALT-straffen yn it jier út.