Minsken oan it wurk helpe troch bediuwen preemje te jaan

01 des 2014 - 17:13
  • Jild

De gemeente Achtkarspelen wol wurkleazen oan it wurk helpe. Bedriuwen moatte oer de streek helle wurde mei in startpreemje. Dy krije se fan de gemeente as se wurkleazen foar minimaal in healjier oannimme. Wethâlder Gerda Postma fan Achtkarspelen is ambisjeus. Se wol noch foar de ein fan it jier 20 oant 30 ekstra banen kreëarje troch de startpreemje.

Moandeitemiddei is it earste kontrakt ûndertekene. It bedriuw Stertil yn Koatstertille hat as earste gebrûk makke fan it inisjatyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)