Provinsje docht ûndersyk nei fersmoarge grûn Schatzenburg

01 des 2014 - 17:02
  • De lûdswâl by Skatzenburg

De provinsje hat tiisdei proefboarrings dien yn de lûdswâl by Schatzenburg by Menaam. De boarrings binne nedich om der achter te kommen oft der fersmoarge grûn yn de lûdswâl brûkt is. Grondnet bv hie earder beswier oantekene tsjin de boarrings, om't it bedriuw benaud is dat it grûnwetter fersmoarge wurde soe.

Neffens de provinsje wurdt der net sa djip boarre en wurdt it grûnwetter net berikt. De beswierkommisje joech de provinsje gelyk. Oer sa'n twa wiken wurde de resultaten ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)