Dokkumer bedriuw leit park oan mei 60.000 sinnepanielen

It Fryske bedriuw Powerfield út Dokkum set takom jier útein mei de oanlis fan ien fan de grutste sinneparken fan Nederlân. It komt te stean yn de Grinzer gemeente Leek. Op in bedriuweterrein fan sa'n 20 bunder komme úteinlik 60.000 sinnepanielen te stean. Dy leverje enerzjy foar sa'n fiiftûzen húshâldens.
It totale projekt kostet sa'n 18 miljoen euro, mar mei in enerzjysubsydzje foar de kommende fyftjin jier rint it bedriuw gjin risiko's, seit direkteur Jellema.
Powerfield is fan doel om de kommende jierren folle mear fan dit soarte enerzjysintrales te bouwen yn Fryslân en de rest fan Nederlân. It bedriuw is hjiroer mei ferskate partijen yn petear.