Dochs debat yn Twadde Keamer oer takomst De Sionsberg

01 des 2014 - 14:46

De Twadde Keamer sil dóchs debattearje oer sikehûs De Sionsberg. Foarige wike krige in oanfraach foar in debat troch it CDA en de SP gjin stipe. In twadde poging fan de SP hat no mear sukses. Emile Roemer fan de SP wie ferline wike noch op besite yn Dokkum by it sikehûs.

It debat stiet foar woansdei 10 desimber op de aginda fan de Twadde Keamer. Ynset fan it debat is it iepenhâlden fan De Sionsberg yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)