Prikpoly fan De Sionsberg yn Dokkum gewoan iepen

De prikpoly fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is gewoan iepen. Pasjinten dy't troch de húsdokters trochstjoerd wurde, kinne op dit stuit noch telâne yn Dokkum. Minsken dy't om in oare reden nei it sikehûs moatte, wurde lykwols troch de húsdokters nei omlizzende Fryske sikehuzen stjoerd.
Hoewol't de doar fan De Sionsberg moandei noch iepen is, kinne de wurknimmers net folle dwaan. Sa is de radiology-ôfdieling bygelyks net oan it wurk, om't de fersekering in behanneling fan pasjinten op dit stuit net dekt.
Wannear't de doar fan De Sionsberg definityf tichtgiet, is noch altyd net bekend. Neffens lûden soe de kurator op dit stuit yn it sikehûs wêze om te sjen hoe't de saken der hinne lizze.