Direkteur Fryske Akademy poer op webside nei pleatsen tweet

01 des 2014 - 13:04
  • Twitter

Direkteur Hanno Brand fan de Fryske Akademy driget in rjochtsaak oan te spannen tsjin de webside itnijs.nl. Brand hie in tweet pleatst oer de Fryske stavering. Hy besocht kontakt te krijen mei FNP-fraksjefoarsitter Annigje Toering om te oerlizzen oer de gearkomste fan moandei oer de stavering. De tweet waard retweet troch itnijs.nl. De webside makke der ek in ferhaal fan.

Neffens Brand mocht dit net omdat it in fertoulike tweet wie. Hy liet dit de webside fia Twitter witte. Ek dizze berjochten binne op de webside pleatst.

Brand seit noch net sa lang op twitter te sitten en is net sa 'handich' mei it medium.

De ynformaasjejûn foar steateleden by Tresoar dy't moandeitejûn hâlden wurdt oer it oanpassen fan de Fryske stavering, is net mear achter sletten doarren, mar iepenbier. Nije wike sille Provinsjale Steaten in beslút nimme oer de nije stavering. Der wurdt al twa jier oer diskusearre. Ek al wie dat net de bedoeling, dochs jout de Fryske Akademy elk de kâns om bywêzich te wêzen. Om organisatoaryske reden is it wol nedich dat wa’t komme wol dat foar 16.00 oere fan ’e middei oan de baly fan de Fryske Akademy trochjout: baly@fryske-akademy.nl, of (058) 213 14 14.

Besjoch hjir it artikel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)