Waadskilder Busser rjochtet stichting op foar behâld Waad

Waadskilder Geurt Busser út it Grinzer Warffum hat de stichting Oneindig Wad! oprjochte. Mei de stichting wol de skilder in nije ympuls jaan oan syn striid foar it behâld fan it Waad. Busser fiert al jierrenlang aksje foar it Waad. Hy hopet as stichting serieuzer naam te wurden troch de ferskate organisaasjes dêr't er mei yn petear is.
Yn it komitee fan oanbefelling fan de stichting sit ûnder oare it advokateduo Anker en Anker.