Frou ûnder bedriging berôve fan tas yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In fytsende frou is sneintejûn troch twa mannen oerfallen op de Grinzerstrjitwei. De frou moast ûnder bedriging fan in mes har tas ôfstean. Ien fan de dieders sette dêrnei ôf nei it sintrum. De oare man flechte rjochting de Bleekleane.
Beide manlju hawwe in donkere hûdskleur en binne nei alle gedachten goed 40 jier. Ien fan de dieders ried op in frouljusfyts. De plysje hat noch besocht de dieders te finen, mar dat is net slagge. Tsjûgen wurde fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje.