Tal ynbraken by Sinezen tanaam; plysje ûndernimt aksje

01 des 2014 - 11:37

De plysje sil aktyf by Sineeske ûndernimmers del om har te warskôgjen foar ynbraken. Dit wurdt dien omdat it tal ynbraken by dizze groep tanimt. Sûnt 1 oktober fan dit jier is al tweintich kear ynbrutsen by Sineeske ûndernimmers yn de trije noardlike provinsjes. Der wurdt net allinnich yn bedriuwsromtes ynbrutsen, mar ek yn wenhuzen fan de ûndernimmers dy't op oare lokaasjes steane.

Faak wurde by de ynbraken kontant jild en sieraden meinaam.

Wykaginten sille mei de minsken yn petear en sille se in brief jaan mei tips om ynbraken foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)