Fernuvering oer plan om ried te ferhúzjen nei Snits

01 des 2014 - 10:59

Stadsbelang Drylts is fernuvere oer de plannen fan it gemeentebestjoer om de riedsfergaderings fan Súdwest-Fryslân te ferpleatsen nei Snits. Oant no ta fûnen dy gearkomsten altyd plak yn Drylts, mar it kolleezje wol it gemeentekantoar yn dy stêd slute. Sa moat jild besparre wurde op de húsfesting. Boppedat soe der effisjinter wurke wurde kinne as alles yn Snits sit.

Stadsbelang fynt it frjemd dat sy net yn it foar ynformearre binne oer de plannen.

De riedsfergaderingen binne foar Drylts wichtich om't it de stêd op de kaart set, sa seit Stadsbelang. It bestjoer is benaud dat it gemeentekantoar no leech komt te stean. De gemeenteried praat kommende tongersdei oer de plannen.

Ek de eardere aksjegroep 'Fan ûnderen op' makket him soargen oer de konsintraasje fan it gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)