Mannen dumpe yllegaal ôffal op It Hearrenfean

01 des 2014 - 10:10

In 57-jierrige man fan It Hearrenfean en in 44-jierrige man sûnder fêst wenplak binne sneintemiddei oanholden op fertinking fan it yllegaal dumpen fan ôffal. In tsjûge seach hoe't de beide manlju by de krusing fan de Jagtlustwei en de K.J. Hornstrawei op It Hearrenfean floeistoffen dumpten en notearre it kenteken. Doe't de plysje op it plak seach, fûnen se oerbliuwsels fan floeistof op strjitte en yn de boskjes.

Nei it tip fan it tsjûge trof de plysje beide fertochten op it adres yn Hearrenfean oan en fûn dêr ek meardere lege jerrycans.

De manlju binne meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)