UNIS Flyers wint mei muoite fan Eaters Geleen

01 des 2014 - 07:44
  • De UNIS Flyers yn aksje tsjin Geleen

De iishockeyers fan de UNIS Flyers wûnen sneintejûn mei 7-4 fan Geleen. Yn Limboarch gong de striid lang lykop. Geleen pakte elke kear de foarsprong, wêrnei't de ploech fan trainer Chris Eimers wer lykmakke. Treffers fan Levi Houkes en Marcel Kars soargen yn de slotfaze foar de 6-4 foarsprong. Dêrmei wie it ferset by de Limboargers brutsen en koe Josh Prudden ienfâldich de einskoare op it boerd sette.

Dit wykein spylje de iishockers fan de UNIS Flyers sneontejûn yn Thialf tsjin Eindhoven Kemphanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)