Van der Duim wint fjirde futuretoernoai

30 nov 2014 - 17:30

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea hat sneon syn fjirde futuretitel fan it seizoen pakt. De tennisser wûn it futuretoernoai yn de Dominikaanske Republyk. De Finkegeaster wie yn de finale te sterk foar de Amerikaan Connor Smith.

Troch de sege komt Van der Duim ticht by syn heechste ranking ea. Yn juny stie er op it 276e plak op de wrâldranglist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)