Nij CDA-wynmûnefoarstel ropt fragen op by FNP

De foarkar fan it CDA om no wynmûnen by de Ofslútdyk te pleatsen ropt foaral in soad fragen op by FNP-fraksjefoarsitter Annigje Toering yn de steaten. Sy wol foaral witte hoefolle nije wynmûnen oft dêr in plak krije kinne en hoe't it krekt liket.
Fryslân hat mei it ryk ôfspraken makke oer de wynmûnekapasiteit. Foar takom jier moat de provinsjale polityk útmeitsje wêr't nije mûnen komme moatte. Deputearre steaten wolle hast alle nije mûnen by-elkoar yn de Iselmar hawwe, mar it CDA wol no twa rigen by de Ofslútdyk del.
Natuerbehearder It Fryske Gea is net bliid mei it foarstel fan it CDA. In soad fûgels lûke by de dyk del en moatte dan omfleane. Der binne ek in soad fûgels dy't fan it Waad ôf de lijte fan de dyk opsykje oan de Iselmarkant. Dêr sitte seldsume soarten by dy't Nederlân goed beskermje moat.