Grutte soargen yn Peazens om sluting Sionsberg

Ynwenners fan Peazens-Moddergat sitte yn noed oer de sluting fan sikehûs De Sionsberg. It twillingdoarp mei fiifhûndert ynwenners is benaud foar isolemint. De doarpen Wierum en Nes dy't lykas Peazens-Moddergat ek by de seedyk lizze, wolle it sikehûs yn Dokkum ek graach iepenhâlde.
Doarpsbelang Peazens-Moddergat is benammen benaud dat de soarch foar âlderein no ûnder druk komt te stean. Neffens foarsitter Dirk Lei fan doarpsbelang is it foar harren net maklik om nei Ljouwert of Drachten te reizgjen.