Snits Wyt Swart pakt swierbefochten punt tsjin Juliana '31

30 nov 2014 - 15:57

Snits Wyt Swart pakte snein in swierbefochten 2-2 lykspul yn de topper tsjin nûmer 2 Juliana '31. Op eigen fjild begûnen de Snitsers goed. Op slach fan rêst hie Juliana '31 de iepeningstreffer op 'e skoech, mar de ploech fersomme te skoaren.

Fuort nei rêst kaam Juliana '31 op foarsprong, wêrnei't se ek rap foar de 2-0 tekene. In reade kaart foar de gasten soarge foar nije kriich by de Snitsers. Erolind Derguti soarge foar de oanslutingstreffer, wêrnei't it publyk op 'e banken stie nei it eigen doelpunt fan Juliana '31 yn de slotminuten.

Troch it lykspul bliuwt Snits Wyt Swart koprinner yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)