Gemeente wol alle gemeentesaken konsintrearje yn Snits

Snits wurdt lang om let dochs it iennichste bestjoerlike hert fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Boargemaster en wethâlders wolle ôf fan de lokaasje Drylts. Dat stiet yn it útstel oer de gemeentlike húsfesting dat it kolleezje nei de ried stjoerd hat.
Op dit stuit wurdt der noch wurke yn it gemeentehûs fan de eardere gemeente Wymbritseradiel yn Drylts. It kolleezje wol graach alles nei Snits ta helje. It gemeentehûs oan de Marktstrjitte moat dêrfoar ferboud wurde. Oan de achterkant wurdt der in stik oanboud en der komt in nije sintrale hal.