Drugshûn trasearret alve minsken mei speed, xtc en ghb

30 nov 2014 - 11:03
  • Drugs

Yn de Ljouwerter binnenstêd is sneon kontrolearre op it besit fan harddrugs. Dêrby makke de plysje gebrûk fan in drugshûn. Fjirtjin persoanen binne der troch de hûn útpikt en kontrolearre. By alve minsken waard speed, xtc of ghb oantroffen. De drugs binne yn beslach nommen en de persoanen krigen proses-ferbaal.

In 30-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden omdat er fertocht wurdt fan it ferkeapjen fan drugs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)