Aris behellet lang om let wer ris in oerwinning

29 nov 2014 - 23:19

De basketballers fan Aris ha lang om let wer ris it swiet fan in oerwinning preaun. Weert waard yn eigen hal mei 94-65 rom ferslein. It is foar de Ljouwerter basketballers noch mar de tredde winstpartij fan it seizoen. Der stean sân ferliespartijen tsjinoer. Marquise Simmons wie mei 21 punten de tûkste Aris-spiler.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)