SC Hearrenfean ferliest mei Lodeweges op de tribune

SC Hearrenfean is troch degradaasjekandidaat Heracles Almelo noch wat djipper yn 'e soargen drukt. Yn it Abe Lenstra stadion soarge Wout Weghorst krekt nei it skoft foar it ienige doelpunt (0-1). Mei de skorste Dwight Lodeweges op 'e tribune slagge de thúsploech der net yn kânsen te kreëarjen, sels net doe't it de lêste healoere fol op 'e oanfal spile.
Fierder as in skot fan ôfstân fan Jukka Raitala en Sam Larsson kaam Hearrenfean net. It is foar it tredde seizoen op rige dat SC Hearrenfean ferliest fan Heracles Almelo yn it eigen stadion.