ONS Snits pakt swierbefochten lykspul by Ajax

ONS Snits spile sneon mei 3-3 lyk by Ajax. Yn Duivendrecht kaam ONS al nei 2 minuten op efterstân. Nei in oertreding fan Ale de Boer stie fan 11 meter dêrnei ek rap de 2-0 op it boerd foar Ajax. Rein Buning soarge foar de oanslutingstreffer, wêrnei't Curty Gonzales de 2-2 makke. Fuort dêrnei krige ONS de kâns op 3-2, mar Chris de Wagt fersomme de strafskop te fersulverjen.
Nei rêst waard ONS in penalty ûntholden. Oan de oare kant wie it wol rekke en kaam Ajax op 3-2. Chris de Wagt soarge yn de slotminuten foar de fertsjinne lykmakker.
ONS Boso Snits einige de wedstriid mei tsien man neidat Rolf Dijk twa kear in giele kaart krige.