Fred de Boer ferlingt kontrakt by Drachtster Boys

Trainer Fred de Boer fan Drachtster Boys hat foar ûnbepaalde tiid bytekene as haadtrainer. Dat makke Gijs Lokhorst, foarsitter fan de Drachtster fuotbalklup, sneon nei ôfrin fan de wedstriid tsjin WVF bekend. De Drachtsters binne wiis mei De Boer en wolle him dêrom graach foar langere tiid as haadtrainer hâlde.
Njonken de begelieding fan it earste alvetal sil de trainer ek in gruttere rol krije by de oplieding fan de jeugdspilers.