Brân by bakkerij Easterske winkel oan Fliet Ljouwert

Reek komt út de bakkerij by Easterke winkel oan it Fliet yn Ljouwert © Anton Kappers
Yn in bakkerij yn in Easterske winkel oan it Súdfliet yn Ljouwert hat sneontemiddei koarte tiid brân west. De brânwacht skaalde grut op en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. It gebou rûn in soad wetter- en reekskea op. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.